Wettersuvering foar skippen

© Omrop Fryslân
It Van Hall-ynstitút en in tal bedriuwen krije mear as 150.000 euro fan de provinsje Fryslân om in wettersuvering foar wenskippen te ûntwikkeljen. Dat moat it lânlik probleem oplosse.
Mei yngong fan dit jier is it ferbean om fersmoarge wetter samar yn de feart rinne te litten. Mar lang net elkenien is safier en dat is ek sa by wenskippen. Foar elk skip soe der in aparte, driuwende suvering komme moatte.