Wer stipe leefberensprojekten

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Noardeast-Fryslân meie wer projekten betinke dêr't de leefberens yn de lytse doarpen mei ferbettere wurde kinne. De provinsje hat dêrfoar 40.000 euro beskikber steld.
Earder is de pot plattelânsprojekten beskikber steld foar de bou fan 'e replika fan in Wierumer aak en foar de restauraasje fan it garnalefabrykje yn Moddergat. Allinne doarpen mei minder as 5000 ynwenners komme yn oanmerking.