Franz Ferdinand stiet op ITGWO

14 mrt 2012 - 12:41

Franz Ferdinand sil spylje op Into The Great Wide Open op Flylân. Ek Warpaint, Royal Headache en Angel Olsen binne fêstlein. Dit jier is der in nij bûtenpoadium by de fjoertoer. It festival is 7, 8 en 9 septimber. Neist muzyk is keunst ek in belangryk part fan it programma. De foarferkeap begjint sneon. Der is ek in lytsere edysje fan it festival ein april, Into The Spring. Dat is al útferkocht. It festival siket stipers. Op de webside www.itgwo.nl stiet dêr ynformaasje oer.

Trefwurden: 
Flylân ITGWO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)