Gebou midden op Merk Dokkum

02 feb 2005 - 16:35

Midden op 'e Merk yn Dokkum komt in gebou te stean dat it plein yn twa-en ferdielt. It wurdt boud op 'e fûnaminten fan de eardere Abdijtsjerke, dy't yn 1830 ôfbrutsen is. De gemeente Dongeradiel wol yn augustus al mei it wurk út ein sette.

Op it noardelike part fan 'e merk bliuwt yn 'e plannen fan de gemeente parkearplak foar auto's, mar wol minder as no. Oer in herynrjochting fan 'e merk wurdt al jierren praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)