Boatefile Starum foarby

© Omrop Fryslân
De provinsje wol by Starum in twadde slûs bouwe. Dy komt njonken de besteande Johan Friso-slûs. Skippen moatte dêr simmerdeis lang wachtsje. De nije slûs soe betelle wurde moatte út de seneamde Kompasjilden fan it Ryk. om dêr steat op te meitsjen, moat it wurk wol yn maart takom jier út ein sette.
Earder waard de brêge by Warns ek as in knipepunt sjoen foar skippen en auto's. In plan om dat op te lossen is no skrast.