Mear jild foar blaumodder

© Omrop Fryslân
Boeren krije mear skeafergoeding foar de opslach fan blaumodder op harren lân. Dat hat it algemien bestjoer fan it Wetterskip Fryslân besletten. By it útdjipjen wurdt geregeld bagger op it lân by de kanalen del deponearre. Dat smyt skea op dy 't fergoede wurde moat.
It deistich bestjoer hie foar de skea in plan betocht, mar deistich bestjoerslid Rispens kaam mei in alternatyf. Dat lêste plan is oernommen troch it algemien bestjoer.