'Wykwurk jongerein net ôfskaffe'

© Omrop Fryslân
Jongereinwurk op skoallen mei net ten koste gean fan it wurk yn 'e wiken. Dat fynt it CDA yn Ljouwert. De Ljouwerter polityk praat op it stuit oer in aksint-ferlizzing fan jongereinwurk yn 'e wiken en doarpen nei dat op skoalle. Ferskate wykpanels en -ferienings hawwe dêr harren soargen oer útsprutsen.
De CDA-riedsfraksje giet net akkoart, as dêr gjin ûndersyk nei dien is. De PvdA en de VVD binne wol foar want yn Deventer wurket it hiel goed, fine se.