Deade by bedriuwsûngelok

02 feb 2005 - 14:22
Foto: Omrop Fryslân

In 46-jierrige Harnzer is tiisdei om it libben kommen by in bedriuwsûngelok yn Ljouwert. By in houtferwurkingsbedriuw kaam er ûnder in achterútridende heftrúk telâne. Dy waard bestjoerd troch in 26-jierrige Ljouwerter.

It slachtoffer siet klem ûnder de wein. Mei in twadde heftrúk is er befrijd. Reanimaasje hat net mear holpen. De man is op it plak fan it ûngelok weirekke.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)