Hansson yn Sweedse seleksje
Fuotballer Petter Hansson fan Sportclub Heerenveen is oproppen foar it Sweedske nasjonale alvetal. Hansson is troch coach Lars Lagerback selekteard foar de oefenwedstryd tsjin Frankryk, nije wike yn Parys.
Njonken de ferdigener fan SC Heerenveen is ek syn âld-ploechmaat Marcus Allbäck oproppen foar it oefenduel tsjin de Frânsen.