Waadsee tenei 'natuerlik wetter'

02 feb 2005 - 11:21

De Waadsee krijt de status 'natuerlik wetter' fan minister Peijs. Deputearre Bijman kin him dêr wol yn fine. De status wurdt opnaam yn nije Europeeske regeljouwing. Gefolch is dat der hoeden omsprongen wurde moat mei de Waadsee. Bijman sit yn in regionale wetterkommisje. De leden hiene leaver de status 'bot feroare wetter' hân. Dan binne der minder beheinigs. Mar Peijs hat betingsten oernaam oer feiligens en ynternasjonale gearwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)