Aziëhelp George Baker yn Grou

02 feb 2005 - 11:13
Foto: Omrop Fryslân

George Baker wie tiisdei te gast by it âldste sikefûns fan Nederlân, it Gilt yn Grou. Dêr oerlange er in gitaar dy't er te keap oanbea foar de slachtoffers fan 'e floedgolf yn Azië. Kroechbaas Cees Veenstra bea 3300 euro. Dat is oanfold ta 5000 euro. De artyst sil it jild sels oermeitsje op giro 555.

It Gilt Grou bestiet sûnt 1776. Earder krigen siken en wurkleazen in útkearing. Tsjintwurdich is it benammen in gesellichheidsferiening.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)