Dronken ride troch Boalsert

© Omrop Fryslân
In dronken autobestjoerder hat tiisdeitenacht gefaarlik riden yn Boalsert. De 52-jierrige man wie belutsen by in oanrieding op 'e Blaupoartsbrêge. Hy rekke oan 'e Harnzerstrjitte in links parkearde auto, botste er op in betonnen pealtsje en sloech mei de auto oer de kop.
Nei it ûngelok naaide de bestjoerder út. De plysje fûn him yn in kafee yn 'e buert. Hy krige in rydferbod fan seis oeren en syn rydbewiis is ynnommen.