Senioarefoarljochting is súkses
De gemeente Kollumerlân giet troch mei de senioarefoarljochting. Sa kinne âldere ynwenners ynformaasje krije oer regelingen en foarsjenningen dêr't sy rjocht op hawwe. De koördinator giet dêrfoar by de minsken del.
Om't de foarljochting in súkses is, komt der in ynrinsprekoere op it gemeentehûs by, op tongersdeitemoarns fan healwei tsienen oant alve oere. Ek is de leeftydsgrins ferlege fan 75 nei 70 jier.