Nije eigner Wildeman yn Lemmer

© Omrop Fryslân
Restaurant en hotel De Wildeman op 'e Lemmer wurdt mooglik omboud ta in appartemintekompleks troch in nije eigner. Der is allinich in yntinsje- ferklearring ûndertekene foar de oername fan it Ryksmonumint. Wa't de potinsjele keaper is, wol gjinien kwyt.
De gemeente Lemsterlân is al polst oer in nije bestimming foar it gebou. Yn dat petear is troch de plannemakkers sein dat der mooglik romte bliuwt foar in kafee- of sealfunksje yn it pân.