Ynwenner Dronryp ferdronken

01 feb 2005 - 12:17
Foto: Omrop Fryslân

In man fan 89 út Dronryp is tiisdei ferdronken yn de Harnzertrekfeart by syn wenplak. De man wie neffens de plysje dwaande mei syn deistige kuier, doe't er net goed waard. Hy is dêrby yn it wetter fallen.

De brânwacht hat de man út it wetter helle. Der is noch besocht him te reanimearen, mar dat is net slagge.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)