Modelspoarmuseum hâldt iepen hûs

01 feb 2005 - 06:13
Foto: Omrop Fryslân

It modelspoarmuseum yn Snits hâldt woansdei iepen hûs foar belangstellenden. It museum is ôfrûne sneon offisjeel iepene. It is krekt ferhuze nei it stasjonsgebou yn Snits.

It museum wol elkenien de gelegenheid jaan it nije ûnderkommen te besjen. Neist de grutste kolleksje modeltreinen fan Europa, is in mini-útstalling oer de loko-motor de SIK te sjen. Besikers binne wolkom tusken trije oere de middeis en njoggen oere de jûns.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)