Bilker lilk op steatssekretaris

31 jan 2005 - 18:27

Steatssekretaris Wijn (Finânsjen) moat in wurkbesite bringe oan Kollumerlân. Dan sjocht er dat de gemeente sunich docht en lêsten foar boargers leech hâldt. Dat skriuwt boargemaster Bilker yn in lilke brief oan Wijn.

De politikus hie earder sein dat in soad gemeenten de saak finansjeel net op oarder ha en te maklik de ûnreplikguod belesting ferheegje. Bilker fynt dat nuver. Mooglik dat Wijn in besite oan syn gemeente bringt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)