Plannen foar glêsfezelnetwurk
It ICT Center Fryslân wol foar acht miljoen euro in glêsfezelnetwurk oanlizze. It netwurk moat Snits, It Hearrenfean, Drachten, Ljouwert, Dokkum en Harns mei-inoar ferbine.
Fia de glêsfezel kinne op hege snelheid hiele grutte bestannen ferstjoerd wurde. It soe it tredde datanetwurk yn de provinsje wurde, neist it tillefoan- en kabelnetwurk. It ICT Center hat it netwurk by gemeenten en ynstellingen promoate.
Trefwurden:
argyf