Oerlêst yn Berltsum beheine

© Omrop Fryslân
De gemeente Menameradiel makket plannen om wat te dwaan oan de oerlêst op sneontejûn by de disko's yn Berltsum. Roppende en razende jongeren hâlde de ynwenners fan it doarp gauris út de sliep.
Ek op oare gebieten wol Menameradiel yngripe. Sa sil de gemeente besjen oft de ferljochting yn de gemeente oanpast wurde kin, om sa it gefoel fan feiligens te fergrutsjen. De gemeente wurket no oan in feiligensnotysje.