Aris ferliest fan Landstede

31 jan 2005 - 12:05
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Woon!Aris út Ljouwert ha sneontejûn mei 100-79 ferlern fan Landstede Basketbal. Aris stiet no op it fyfde plak yn de earedivyzje. Fan de 17 spile wedstriden ha se der njoggen wûn.

Op it earste plak yn de earedivyzje stiet Demon Astronauts. Takom wike sneon spilet Aris thús yn sporthal it Kealledykje yn Ljouwert tsjin Solskin.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)