Iepen FK klaaipiipsmoken

31 jan 2005 - 10:17

It Iepen Frysk Kampioenskip klaaipiipsmoken waard sneon hâlden yn Snits. Winner wie George Stam út Den Helder mei in tiid fan twa oeren presys. Twad wie Rients de Jong fan Snits en tred Barend Verijzer út Den Helder.

De wedstriid waard foar de 24e kear hâlden. By de wedstriid is it de bedoeling de klaaipiip sa lang mooglik oan te hâlden. Dielnimmers ha ien minút de tiid om de piip oan te stekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)