Gelykspul NAC - Hearrenfean

© Omrop Fryslân
NAC Breda en SC Hearrenfean ha snein yn Brabân 1-1 gelyk spile. Beide treffers foelen yn in spannende slotfaze nei in fierder nochal saaie wedstriid. Lurling makke yn de 88e minút de goal foar de thúsploech.
Huntelaar holp Hearrenfean yn blessueretiid noch oan in punt: it waard 1-1. Skiedsrjochter Wegereef heakke yn de 59e minút ôf mei in blessuere oan 'e skonk. Van Hulten naam syn plak yn.