Plysjeberjochten

31 jan 2005 - 09:52

Fernielings Yn Warkum binne dit wykein by in grut tal auto's de bannen lekstutsen. It giet om acht auto's. By in oare auto waard de antenne en de mercedesstjêr fernield.

Hennepkwekerij De plysje hat fan it wykein in hennepplantaazje oprôle yn Balk. Der stiene 123 planten. De apparatuer en de planten binne ferneatige. In 20-jierrige Balkster is oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)