Wolvegeaster dea troch moard

31 jan 2005 - 09:22

De 53-jierrige man dy't tongersdei dea fûn waard yn syn wenning oan de Erica yn Wolvegea, is slachtoffer fan in misdriuw. It Nederlânsk forensysk ynstitút hat dat fêststeld, sa melde de plysje Fryslân snein.

Hoe't de man om it libben brocht is, wol de plysje net sizze. Plysjeminsken fûnen it stoflik omskot fan de man nei't syn famylje him as fermist opjûn hie. 35 resjersjeurs binne dwaande mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)