Jong Cambuur wint fan Jong Emmen

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandeitejûn mei 6-1 wûn fan Jong Emmen. De rêststân wie 2-1, troch twa doelpunten fan Daniël Luketa. Yn de twadde helte skoarden Ruben Schaken, Arnold Herder en ynfaller Ronald Bekema (twa kear). Daniël Manning rêde foar Emmen de eare.
Jong Cambuur bliuwt troch de winst op Jong Emmen stevich op it twadde plak stean yn de beloftekompetysje.