Glas 16e yn fjouwermansbob

30 jan 2005 - 15:45

Arend Glas, oarspronklik fan De Jouwer, is snein mei syn team 16e wurden yn de wrâldbekerwedstriid fjouwermansbob yn Sankt Moritz. Glas, dy't no yn Grins wennet, sette tegearre mei syn bemanningsleden Van Calcker, Jansma en Kortbeek nei twa runs in totaaltiid del fan 2 minuten en 12,12 sekonden.

Sneon einige Glas as 17e yn de twamansbobslide. Glas stiet op it 16e plak yn it klassemint fan de twamansbob.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)