Undersyk nei gebrûk Frysk

30 jan 2005 - 12:48
Foto: Omrop Fryslân

De FFU, Feriening Frysk Underwiis, komt mei in nij offinsyf om it Frysk yn it ûnderwiis te befoarderjen. Njoggen studinten fan de NHL en CHN ha ûndersocht hoe't it komt dat hieltyd mear Friezen minder Frysk prate.

Under de studinten is in enkête holden en no docht bliken dat it foaral komt om't de âlden thús minder Frysk prate. Ek wurdt der op skoallen minder oan de taal dien. Woansdei wurde de útkomsten presintearre op in gearkomste fan FFU.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)