Subsydzje foar pleatsen útwreide
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Wymbritseradiel wol tenei ek subsydzje jaan foar it opknappen fan buorkerijen dy't nét karakteristyk binne.
Foar karakteristike buorkerijen bestiet al folle langer in subsydzjeregeling. De gemeente krijt lykwols hieltyd mear oanfragen foar finansjele stipe fan nét-karakteristike pleatsen. It kolleezje fynt it wichtich dat ek dizze buorkerijen bestean bliuwe.
Trefwurden:
argyf