Boubedriuw HBD makket trochstart

29 jan 2005 - 16:47

De fallite HBD-bougroep fan Drachten makket in trochstart. It bedriuw is oernommen troch Hofstra Vastgoed út Odoorn. Foar 40 fan de 60 meiwurkers is gjin plak mear. It haadkantoar fan HBD yn Drachten giet ticht.

HBD hie noch in wurkpleats yn Surhústerfean. Dat plak is no yn byld as mooglike haadfestiging. De HBD-bougroep gong tongersdei foar in wike fallyt, ûnderoaren troch te folle overhead en te min opdrachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)