Identiteit fan deade man bekend

29 jan 2005 - 16:42

De man dy't tongersdei dea oantroffen is yn in wente oan de Erica yn Wolvegea is de 53-jierrige eigner fan it hûs. De plysje hat de ôfrûne dagen ûndersyk dien nei it stoflik omskot fan de man. De plysje slút in misdriuw net út.

Sa'n 60 buertbewenners binne troch de plysje heard. Der is ek mei famylje en kunde fan de man praat. Sneon sil der seksje dien wurde op it lichem fan de man. Tweintich resjersjeurs wurkje oan 'e saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)