Fertochte kafeemoard frijlitten
De fertochte fan de moard op de eigner fan kafee Nijlân yn Ljouwert is frijlitten. Der wiene net genôch redenen om de 31-jierrige Ljouwerter noch langer fêst te hâlden. De man waard ôfrûne moandei oanholden. Hy jildt noch wol as fertochte yn de moardsaak.
De kafeebaas waard yn de nacht fan moandei 17 op tiisdei 18 jannewaris yn syn kroech deastutsen. De fertochte is in famyljelid fan it slachtoffer.