Wagenaar: Algra ropt mar wat

29 jan 2005 - 13:53
Foto: Omrop Fryslân

CDA-keamerlid Algra moat net samar wat roppe oer de Plysje Fryslân wylst er net goed op 'e hichte is. Dat sei korpsjef Wagenaar fan de plysje Fryslân freed by it lizzen fan de earste stien fan it nije buro Frjentsjer.

In reorganisaasje soe ta minder blau op strjitte liede nachts, sa wiene de berjochten. Neffens Wagenaar is dat net it gefal. It spesjale nachtteam wurdt lytser makke, mar der bliuwe likefolle plysjes op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)