Nije trainer Flyers

© Omrop Fryslân
De Amerikaan Leigh Mendelson is de nije trainer fan de Vadeko Flyers, ûnder betingst dat er in wurkfergunning krijt. De 37-jierrige coach is no noch assistint-trainer fan de Finske klub Pelicans, dy't op it heechste nivo spilet. De Flyers wurdt syn earste put as haadtrainer.
Mendelson is de opfolger fan Dave Hyrsky, dy't oardel wike ferlyn opstapte.