Himp út skappen helle

© Omrop Fryslân
Supermerken ha woansdei de Nieuwe Revu út de skappen helle. It tiidskrift jout dizze wike wytsiedsjes kado by in artikel oer drugs.
Direkteur Poiesz fan de lyknammige supermerkketen seit dat syn winkels absolút net mei drugs assosieard wurde wolle. Der soene al klachten wêze. Haadredakteur Koster fan de Nieuwe Revu fynt de maatregel hypokryt, om't winkels wol bier en tabak ferkeapje, dy't ferslavender binne as himp.