Frou oppakt nei bedriging plysje

28 jan 2005 - 12:14

De plysje hat woansdeitejûn in 32-jierrige frou út Stiens oppakt om't se de plysje mei in mes bedrige. De plysje kaam by de frou oan de doar, om't se tsientallen kearen sûnder reden it alarmnûmer 112 belle hie.

De frou skelde de plysje út en gong mei in mes efter se oan. De plysje brûkte pepperspray tsjin de frou. Se waard oppakt foar bedriging. De plysje hat twa messen en fjouwer tillefoans yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)