Meander nei finale Sjongfestival

© Omrop Fryslân
De Fryske band Meander hat de finale berikt fan it Nasjonale Sjongfestival. De band song it Fryske nûmer 'Tusken skimer en ljocht'. De faksjuery (Paul de Leeuw, Esther Hart en Cornald Maas) hie krityk op de poadiumpresentaasje. Dy wie net flitsend genôch.
Dochs gean de Friezen troch. Se dogge mei tolve oare gadingmakkers op 13 febrewaris mei oan de finale fan it sjongfestival. Mei inoar meitsje se út wa't foar Nederlân nei Kiev meie.