Dokterswacht moat bliuwe

© Omrop Fryslân
Dongeradiel wol de Dokterswacht yn Dokkum behâlde. B en W kondigen oan dêr alles oan dwaan te wollen. In CDA-moasje foar stipe fan de Dokterswacht is tongersdei troch de folsleine gemeenteried oannommen.
De Dokkumer post giet mooglik alhiel of foar in part ticht fanwege besunigings. Foar de gemeenteried is dat ûnakseptabel. De partijen fine de Dokterswacht fan grut belang foar in goede sûnenssoarch yn 'e gemeente.