Ekskuses foar te djoer parkearen

28 jan 2005 - 11:18

De gemeente Dongeradiel biedt syn ekskuses oan oan minsken dy't te folle parkearjild betelle ha yn in part fan Dokkum. It giet om it parkearterrein by de supermerken C1000 en Aldi oan de Strobossersteeg.

It taryf wie dêr omheech gong fan 50 eurosint nei 1 euro 50. In flater, konstatearde de gemeente letter. It nije taryf is ien euro. De gemeente komt no yn de Dokkumer Krante mei ekskuses.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)