'Oername Nestlé Boalsert'

© Omrop Fryslân
It suvelfabryk fan Nestlé yn Boalsert wurdt mooglik ferkocht oan de Dútse suvelkoöperaasje Hochwald. Dat seit de foarsitter fan de ûndernimmingsried fan Nestlé. It is noch net bekend oft de oername ek konsekwinsjes foar it personiel hat.
Nestlé wol fan it fabryk ôf, om't it him talizze wol op lúkse suvelprodukten. Yn Boalsert wurdt benammen kondensearre molke makke. De direksje wol net reagearje op it nijs.