Kromkamp twadde op Weissensee

28 jan 2005 - 09:31

Maratonrider Martijn Kromkamp fan Wolvegea is yn Eastenryk twadde wurden by it earste kritearium op de Weissensee. Jens Zwitser út Katwyk waard earste. By de froulju waarden Petra Grimbergen fan Nijbeets en Maria Sterk fan Hallum twadde en tredde, achter Daniëlle Bekkering út Den Ham. De maratonriders binne op it stuit yn Eastenryk foar in tal wedstriden op de Weissensee. Sneon stiet bygelyks it Nederlâns Kampioenskip op it program.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)