Flyers ferlieze fan Amsterdam

27 jan 2005 - 18:01

De Vadeko Flyers út it Hearrenfean ha woansdei de topper yn en tsjin Amsterdam ferlern mei 6-7. Yn 'e wedstriid om it earste plak yn de Coupe der Lage Landen pakten de Amsterdammers yn 'e ferlenging de winst.

De Flyers stiene nei de twadde perioade noch mei 5-3 foar. Mar Amsterdam kaam yn 'e tredde perioade sterk werom oant 6-6. Jason Smits skoarde yn 'e ekstra tiid de winnende treffer. De Flyers steane no twadde mei 29 punten út 13.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)