Geke Faber foarsitter Recron

© Omrop Fryslân
Geke Faber is woansdei beneamd ta nije foarsitter fan de Recron. Dat is de feriening fan rekreaasje-ûndernimmers. Se wurdt de earste froulike Recron-foarsitter. Hjirfoar wie Hayo Apotheker, âld-boargemaster fan Ljouwert, foarsitter.
Geke Faber hat steatssekretaris fan lânbou west. Sy hie doe rekreaasje yn har portefûlje. Faber hat fierder jierren foar de PvdA yn provinsjale steaten yn Fryslân sitten.