VVV De Jouwer bêste fan Nederlân

27 jan 2005 - 14:33

De VVV- en ANWB-winkel fan De Jouwer is de bêste fan hiel Nederlân. Alle 56 toeristyske winkels binne besjoen op klantfreonlikens, kwaliteit en tsjinstferliening. Dy fan De Jouwer kaam dêr as bêste út en mei him no 'topstore' fan Nederlân neame. De twa jier hjirfoar wie de saak hieltiten twadde.

De priis dy't by de útferkiezing heart, wurdt op 18 febrewaris útrikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)