Mooglik film Baas boppe Baas

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik in film oer Beant Baas, de haadpersoan fan de Fryske dramarige Baas boppe Baas. Tiisdei wie de lêste ôflevering fan dy rige by Omrop Fryslân.
Mei it ferstjerren fan de frou fan Beant kaam in wat tryst ein oan fjouwer seizoenen fan de drama-rige. Mar it ôfskie is mooglik net foar lang. Want regisseur Steven de Jong hat no it plan om in film oer de famylje Baas te meitsjen.