Oosterman nei partoer Hylkema

27 jan 2005 - 10:34

Rûtinier Debora Oosterman wurdt it tredde lid fan it keatspartoer fan Afke Hylkema en Gejanne Buma. Oosterman ferfangt Wiesje van der Berg dy't stopppe is. Har plak soe ynnaam wurde troch it 17-jierrige talint Gerieke de Groot. Mar har sporttakomst is ûnwis fanwege in rêchkwaal.

Debora Oosterman komt út it partoer Romy van der Veen en Karen van der Wey. Wa't harren nije maat wurdt is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)