Namme stiper wurdt net bekend

26 jan 2005 - 22:07

Wûnseradiel makket de namme fan de organisaasje dy't de flechtlinge-opfang yn Wytmarsum finansjeel stipet, net bekend. De gemeente docht dat net om't de kâns bestiet dat oare ynstellings dan ek by de organisaasje oanklopje foar finansjele stipe.

De needopfang foar útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum drige ticht te gean fanwege in tekoart fan 8000 euro yn de moanne. In anonime organisaasje hat no tasein dat gat te tichtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)