SC Hearrenfean aktyf yn Finlân

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean nimt in belang yn de Finse fuotbalklub FC Hämeenlinna. Dy klub komt út yn de Finse twadde divyzje en wurdt traind troch de Nederlânse âld fuotballer Danny Hoekman. Hoekman tekene dêr ferline wike in kontrakt. Hearrenfean seach yn Finlân al langer om him hinne foar gearwurking.
De klub wol by Hämeenlinna jonge spilers ûnderfining opdwaan litte en hopet troch de gearwurking ek mear Finse talinten op te spoaren.