Ferkeap Treemter Balk ûnwis

© Omrop Fryslân
De ferkeap fan de Treemter yn Balk oan de gemeente giet mooglik net troch. De gemeenterie fynt it bedrach fan 340.000 euro dat it kolleezje fan B en W ôfpraat hat mei de projektûntwikkelder te heech.
Allinnich de ienmansfraksje fan de ChristenUnie gong tiisdei akkoard. Oare partijen binne tsjin of hiel kritysk. B en W wol de Treemter oankeapje en dêrnei slope. It gebou is net mear by de tiid. Dat liket no mis te rinnen.