Nije sjef-dirigint NNO omstriden

26 jan 2005 - 11:10

De Switser Michel Tabachnik wurdt mei yngong fan it konsertseizoen 2005/2006 de nije sjef-dirigint fan it NNO, it Noard Nederlânsk Orkest. Tabachnik dirigearde ûnder oaren de Berliner Philharmoniker en it Koninklijk Concertgebouworkest.

Tabachnik hat in omstreden ferline. Hy waard der yn 1995 yn Frankryk fan beskuldige sechtjin leden fan in sekte ta selsmoard oanset te hawwen. Dêr soe syn eks-frou ek by sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)