'Kwaliteit soarchkantoar goed'

© Omrop Fryslân
It soarchkantoar Fryslân docht syn wurk goed. Dat fynt minister Hoogervorst fan folksûnens. It soarchkantoar sjocht der opta dat it jild foar saken dy't te krijen hawwe mei de Algemiene Wet Bysûndere Bystân (AWBZ) goed bestege wurdt.
It soarchkantoar Fryslân giet neffens de minister goed om mei it beskikbare jild fan jierliks 555 miljoen euro. De administraasje is goed yn oarder en oanfragen wurde gauw behannele.